Studinten wurde stimulearre troch Mentor programma

In Frysk inisjatyf om jongeren te helpen dy't ferlet ha fan stipe by har stúdzje is in foarbyld foar de rest fan Nederlân. Dat sizze ûndersikers fan it ekspertizesintrum beropsûnderwiis.
Jongeren ha grut ferlet fan minsken yn har omjouwing dy't har oanmoedigje, helpe en coache. Mar dat ha se net allegear. En it is lestich om de kop derfoar te hâlden, as bygelyks heit of mem je net achter de fodden sit, omdat se it miskien hielendal net sa belangryk fine. Dat jildt foaral foar mbo-studinten, neffens it ûndersyk.
Mar studinten yn Fryslân ha gelok, want sy kinne in berop dwaan op it Mentor programma Friesland, fan de trije MBO-skoallen hjir.