Nummerdor en Schuil winne

13 maaie 2012 - 11:08

Beachfollyballers Reinder Nummerdor en Richard Schuil hawwe snein yn Peking foar it earst in Grand Slam wûn. De twa fersloegen yn de finale fan it toernoai yn de wrâldtour it Italiaanske duo Nicolai en Lupo. Se hiene dêr twa sets en krekt wat mear as in heal oere foar nedich.

Nummerdor en Schuil kwalifisearren har earder al foar de Olympyske Spelen yn London. Dêrfoar dogge se ûnder oare noch mei oan it EK Beachfollybal dat fan 30 maaie ôf hâlden wurdt yn Scheveningen.

(advertinsje)
(advertinsje)