Partoer Velsma wint yn Baard

12 maaie 2012 - 18:02

In ferrassende oerwinning foar it partoer fan Sanne Velsma, Imke van der Leest en Harmke Siegersma sneon by it haadklasse keatsen yn Baard. Yn de finale wûn it trijetal oertsjoegjend mei in folle telegraaf, 5-0 en 6-0, fan it partoer fan Iris van der Veen, Marit Kuperus en Wiljo Sybrandy.

In moaie opstekker foar Siegersma dy't ferline jier ferstek gean moast troch de sykte fan Pfeiffer. De lytse preemje gie nei Hilda Tjepkema, Maaike Osinga en Manon Scheepstra.

(Advertinsje)
(Advertinsje)