Oanbestegingsproseduere fleanfjild Drachten úteinset

25 okt 2016 - 10:26
Foto: Vliegclub Fryslân

De gemeente Smellingerlân is begûn mei de oanbestegingsproseduere foar it fleanfjild by Drachten. It is in logyske stap, nei't de gemeenteried ein ferline jier it beslút naam dat it fleanfjild selsstannich fierder moat. Neffens de gemeente meie tenei ek oare aktiviteiten op it fleanfjild hâlden wurde, as dy goed binne foar de wurkgelegenheid, rekreaasje en toerisme.

De nije eksploitant moat wol garânsjes ôfjaan foar de takomst fan it fleanfjild. De grûn wêr't it fleanfjild op leit, bliuwt wol eigendom fan de gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)