Mûne Rust Roest yn Muntsjesyl krijt wer foarm

25 okt 2016 - 09:37

Yn Muntsjesyl wurdt tiisdeitemoarn de restaurearre mûneromp weromset op de mûne Rust Roest. By de tilaksje binne ek de bern fan basisskoalle 't Oegh oanwêzich. De opknapbeurt fan de eardere nôtmûne is nedich en ûnderdiel fan in gruttere restauraasje. Ek wurde it takrêd, de reidtek en de mûnekap opknapt.

Yn april takom jier moat de restauraasje klear wêze. It wurk koe útfierd wurde mei finansjele stipe fan ferskate fûnsen, bedriuwen en oerheden. De Rust Roest is eigendom fan de stichting Erfguod Kollumerlân en Nijkrúslân.

Trefwurden: 
mûne Muntsjesyl Rust Roest
(Advertinsje)
(Advertinsje)