Húsdokter De Lemmer nominearre foar soarchpriis

Húsdokter Karin Groeneveld fan De Lemmer is nominearre foar it Beste Zorgidee 2016, fan soarchfersekerder ONVZ. Se hat in app betocht dy't âlderen dy't ferlet ha fan help yn kontakt bringt mei jongeren dy't in bybaantsje sykje. Groeneveld kaam op it idee troch har eigen trije dochters dy't in baantsje sochten. En yn har praktyk hat se âlderen dy't ferlet ha fan help, dy't se fan de thússoarch net mear krije. Mei help fan in app kinne beide keppele wurde. Begjin novimber wurdt bekend wat it bêste soarchidee fan 2016 wurden is.