Geert Bosman útroppen ta markantste hoareka-ûndernimmer

24 okt 2016 - 23:05

Hoareka-ûndernimmer Geert Bosman fan restaurant Het Gerecht op It Hearrenfean mei him de meast markante hoareka-ûndernimmer fan Fryslân fan 2016/2017 neame. Hy wûn moandeitejûn de regionale ferkiezing yn Lauswolt yn Beetstersweach. Bosman mei Fryslân fertsjintwurdigje foar de lanlike ferkiezing.

Neffens it sjueryrapport is Bosman unyk, ynnovatyf en kreatyf. De ferkiezing wurdt ien kear yn de twa jier hâlden. De oare twa nominearren wiene Harold van Workum fan The Sunset yn Hollum op It Amelân en Norma de Jong fan Norma Serveert yn Grou.

(Advertinsje)
(Advertinsje)