Fryske musea ferwachtsje dit jier in miljoen besikers

De Fryske musea ferwachtsje dit jier in miljoen besikers. De trend is dat der hieltyd mear besikers komme. Yn 2014 waard de 900.000e besiker helle. De ferwachting en hope wie dat der yn 2018, as Ljouwert Kulturele Haadstêd wurdt de miljoen helle wurde soenen. Mar dat tal wurdt dus no al berikt, sa seit de Fryske Museumfederaasje.
Skoalgroepen, toeristen en Friezen komme net allinnich ôf op de grutte musea, lykas it Fries Museum mei de populêre Alma-Tadema-tentoanstelling en it Natuermuseum.
Besikers witte de lytsere musea ek te finen, lykas op Flylân en De Harkema. De ferwachting is dat de trend trochsette sil.