Bos fjirde by A7 Classic

© awfoto.nl
Hurdfytser Jan Bos út Bontebok is sneon fjirde wurden by de Lippe Wonen A7 Classic. Frank Wierstra út Burgum waard 6de. De winst gie nei Nick Kweldam, dy't nei goed 178 kilometer de rapste wie op de finish op de Noarderdwersfeart yn Drachten.
Mei in heale minút foarsprong gong de kopgroep mei Bos en Wierstra de lêste tsien kilometers yn. Op de streek waarden de taskôgers traktearre op in moaie einsprint. Hurde wyn soarge derfoar dat de dizze edysje fan de klassiker de boeken yn gean sil as in kat en mûs-spul tusken de koprinners en kopgroep
Andries Weening fan 'e Harkema siet lang yn 'e kopgroep mar moast krekt foar Terwispel losse fanwege de hurde wyn.