'Erfguod en publyk' moat kultureel erfguod tichterby bringe

Museumfederaasje Fryslân hat in nije organisaasje yn it libben roppen: de Stichting Erfguod & Publyk. Dat is in netwurkorganisaasje dy't besikers en ynwenners kultureel erfguod ûnderfine lit.
De museumfederaasje krige al jierren fragen en opdrachten fan ferienings en ynstellings. Neidat de provinsje ek noch mei in fersyk kaam om tsien archeologyske stipepunten te begelieden, kaam der it plan foar de nije stichting, dy't de projekten koördinearje moat.
De museumfederaasje is der dan inkeld om de santich Fryske musea te stypjen. Tagelyk mei de oprjochting fan de stichting waard ek it nije ûnderkommen iepene oan de Turfmerk yn Ljouwert.