Sieta van Keimpema: "CETA betsjut falske konkurrinsje"

24 okt 2016 - 20:19

As de Walen folhâlde, kin it CETA-ferdrach net trochgean. Dat seit Sieta van Keimpema fan de melkfeehâldersferiening Dutch Dairymen Board. Se hat aksjefierd tsjin it ferdrach, en se ferwachtet dat Europa en Kanada noch in hiel skoft mei Walloanië ûnderhannelje sille, oant se de Walen safier yn 'e mjitte kaam binne dat dy it ferdrach wol ûndertekenje wolle.

Alle lannen moatte mei it ferdrach ynstimme, seit frou Van Keimpema. "Dat is demokratysk. Walloanië hat syn problemen mei it ferdrach al folle earder oanjûn, mar dêr is neat mei dien."

De rest is wol akkoart

De Europeeske Uny en Kanada tinke no dat se tongersdei it frijhannelsferdrach noch gewoan ûndertekenje kinne. "Der is noch tiid", sei EU-presidint Donald Tusk moandeitejûn. De oare 27 lidsteaten fan de Europeeske Uny hawwe it akkoart al wol goedkard.

Falske konkurrinsje

As it akkoart ûndertekene wurdt, sille boeren in protte lêst krije fan falske konkurrinsje, warskôget frou Van Keimpema. Europeeske en Kanadeeske boeren moatte nammentlik oan hiel oare regels foldwaan. Binnen in wike neidat in keal smiten is, moatte feehâlders yn Europa byhâlde wêr't er stien hat en hokker medikaasje er hân hat. It keal kin hielendal folge wurde. Yn Kanada hawwe se dat net, wylst it Europeeske boeren in soad jild kostet om soks te dwaan.

Ferbeane hormoanen en medisinen

Troch it registraasjesysteem hawwe konsuminten yn Europa no de garânsje dat se gjin fleis- of molkeprodukten krije dy't bygelyks behannele binne mei ferbeane hormoanen of medisinen. "By kij út Kanada kinne se dat net bewize, omdat sa'n registraasjesysteem der net is," seit frou Van Keimpema. "Boppedat meie boeren dêr ek hormoanen en medisinen brûke dy't hjir strang ferbean binne."

Gjin Kanadeesk fleis tsjinhâlde

It fleis fan Kanadeeske kij kin hjir samar yn de winkels telâne komme. Yn it ferdrach is dat ferwurde as 'mutual recognition'. "Wy akseptearje inoars wetten. Dat betsjut net dat de Kanadeeske produkten foldwaan moatte oan ús regels. It is krekt oarsom. Wy meie gjin Kanadeeske produkten mear tsjinhâlde, omdat se net oan ús eigen regels foldogge. Dat makket it gefaarlik."

Wêr komt it iten wei?

Jo kinne sa lang net altyd sjen wêr't in produkt weikomt, seit frou Van Keimpema. Op alles wat Nederlân ynkomt en wat op 'e nij ferpakt wurdt, mei 'Herkomst: Nederlân' stean. Tsiis bygelyks, dy't snijd wurdt. Dus jo wite net mear wat oft jo ite.

Wichtich ferdrach

Der is jierrenlang ûnderhannele oer CETA. Europa en Kanada sjogge it as in tige wichtich ferdrach, fanwege de ferwachte ympuls foar de ûnderlinge hannelsrelaasjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)