PvdA wol minder stringinte wetten en regels foar MKB

25 okt 2016 - 05:00

It midden- en lytsbedriuw hat tefolle lêst fan alle regels. Dêr moat wat oan dien wurde, fynt de PvdA yn de Twadde Keamer. In nije, ûnôfhinklike kommisje moat besjen oft it MKB mei nije wetten út de fuotten kin. Dy kommisje jout advys oan it regear en de Twadde Keamer. Twadde Keamerlid Jacques Monasch (PvdA) stelt dat foar by de behanneling fan de begrutting fan it ministearje fan Ekonomyske Saken.

Monasch hat it ôfrûne jier by Fryske midden- en lytsebedriuwen del west. In soad ûndernimmers kleie oer regeldruk.

Sân op de tsien minsken fan de wurksume befolking wurket yn it midden- en lytsbedriuw. De sektor is dêrmei in grutte banemotor yn Nederlân en fertsjinnet dêrom mear omtinken fan polityk Den Haag, fynt Monasch.

Fiskhanneler Eelke Damstra fan Wâldsein is bliid mei it plan fan Monasch fan de PvdA. It jout neffens him goed oan wêr't de pinepunten sitte. Midden- en lytsbedriuwen fine it dreech minsken yn fêste tsjinst te nimmen, wylst se dat wol wolle. Dat komt ûnder oere trochdat de finansjele risiko's te grut binne. As de ûntslachfergoeding leger wurdt, is it makliker om minsken oan te nimmen, is Damstra fan betinken.

Damstra wol ek dat de polityk wat docht oan finansiering fan bedriuwen. Banken jouwe no amper kredyt. It soe better wêze om yn de sektor sels in fûns op te rjochtsjen. Dan kin der in soarte fan kredytuny opset wurde lykas yn it ferline, in soarte fan finansjele koöperaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)