Elektroanyske poartsjes stasjon Hearrenfean yn gebrûk naam

24 okt 2016 - 17:22

Op it stasjon fan It Hearrenfean binne moandei de earste elektroanyske poartsjes yn gebrûk naam. Tenei kinne minsken allinnich it perron op as se ynchecke mei in ov-chipkaart. Doel fan de poartsjes is swartriden tsjin te gean. Om minsken wenne te litten oan de poartsjes sille de kommende dagen ekstra meiwurkers op it stasjon fan Hearrenfean omrinne.

Yn Ljouwert stean de poartsjes der al, mar se wurde letter yn gebrûk naam. De gemeente woe earst dúdlikens krije oer de trochgong ûnder it stasjon troch fan de Hollannerwyk en de binnenstêd.

De poartsjes yn Ljouwert stean no sa opsteld dat de frije trochgong nei de Hollannerwyk bestean bliuwt. Op it stasjon fan Snits komme gjin elektroanyske poartsjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)