Oanfarring skûtsjes by Langwar

By in oefening foar iepenloftspul Oan de Mar fan Langwar binne sneon de skûtsjes De Twee Gebroeders fan skipper Sytse Jan Rijpkema en de Stêd Sleat mei oan it roer Hilbrand mei-inoar yn botsing kaam. In bemanningslid fan de Stêd Sleat bedarre yn it wetter, mar fierder rekke net ien ferwûne.
Der is wol skea oan benammen De Stêd Sleat. De skûtsje ferlear de mêst en de seilen binne skuord. De oarsaak fan de oanfarring is noch net bekend.
Der wurdt noch besjoen oft de skûtsjes ynset wurde kinne by de premjêre fan it iepenloftspul op 6 juny.