Offalferfierders op de bon

12 maaie 2012 - 15:15

De plysje hat de ôfrûne wike op ferskate plakken yn it noarden ôffaltransporten kontrolearre. Yn Fryslân wie dat op de A7 by Terwispel. Ek wiene der kontrôles by Scheemda en by Zwinderen. Mei-inoar waarden sa'n 330 frachtauto's kontroleard.

32 kear waard der in bekeuring útskreaun foar technyske mankeminten. Fierder giene der sjauffeurs op 'e bon omdat se har net oan de regels foar it ferfier fan gefaarlike stoffen hâlden, fanwege problemen mei har tachograaf of it net hawwen fan in eurofinjet.

Neist de plysje wurken ek oare ynstânsjes oan de kontrôles mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)