Lintsje foar Ger van Putten

Lintsje © ANP
Ger van Putten (57) fan Kûbaard is sneon beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Van Putten set him al mear as 30 jier yn foar de mienskip fan Kûbaard. Sa is hy mei-oprjochter fan de stichting Wiek, dy't him ynset foar it opwekken fan duorsume enerzjy, dêr't it hiele doarp fan profitearret.
Mei syn frou organisearret Van Putten ek de Kûbaarder hurdrindei. Dêrneist is of wie hy aktyf yn de IIswegesintrale, de tennisferiening en de begraffenisferiening. Boargemaster Liemburg ferraste Van Putten ûnder it Kûbaarder kofje-oerke.