Dokkumer ferdigene troch hûn

12 maaie 2012 - 13:29
Foto: Omrop Fryslân

In Dokkumer (25) is freedtenacht mishannele yn it Tolhúspark yn syn wenplak. De man rûn om in oere as fjouwer mei de hûn yn it park rjochting de útgong oan de Woudweg. Ynienen waard hy oanfallen troch in man dy't him in haal oer it gesicht joech. Hy rekke dêrby ferwûne.

De hûn fan de man sprong der tusken en biet de oanfaller. Dy naaide doe út.

(Advertinsje)
(Advertinsje)