Ljouwert/B'him hat al flagge

12 maaie 2012 - 11:47

De oankommende fúzjegemeente Ljouwert/Boarnsterhim bestiet noch net, mar der is al wol in nije gemeenteflagge. Net offisjeel fansels, want de nije gemeenteried nei 2014 moat hjir noch oer te set. Ald-wethâlder Marco Florijn fan Ljouwert en makelder Folkert Popma fûnen dat no de weryndieling in feit is, der ek in flagge komme moast.

Yn de kroech betochten se in plan en dat liede ta de presintaasje fan de flagge sneontemoarn op it stedhûs fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Ljouwert Boarnsterhim flagge
(advertinsje)
(advertinsje)