Part bedriuw Noppert oernommen

12 maaie 2012 - 10:37

In part it fan it fallite boukonsern Noppert op It Hearrenfean wurdt oernommen troch boubedriuw Van Wijnen. It giet om prefabfabryk Tilt Up Systeem. Mei de oername binne 25 fan 'e 126 banen rêden. In trochstart fan it hiele bedriuw sit der neffens de kurator net yn.

Foar it fabryk fan Noppert wiene ferskate gadingmakkers. It ûnderdiel der't ûnder oare gevel-en flier-eleminten makke wurde, hie in relatyf goeie oarderportefúlje en wie foar oernamekandidaten it meast nijsgjirrich. Bougroep Van Wijnen fan De Gordyk is it úteinlik wurden.

Oant Noppert healwei april fallyt gie wurken der 126 minsken. De kurator sjocht gjin kânsen op in trochstart fan de oare ûnderdielen fan it boukonsern. Van Wijnen sil oer twa wike mei 12 minsken útein sette yn it fabryk op It Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)