Bekende Friezen stypje De Friese WIJlanden

24 okt 2016 - 14:28

De Friese WIJlanden fertsjinje de titel Moaiste Natuergebiet fan Nederlân. Alteast, dat fine Twadde Keamerlid Lutz Jacobi, waarman Gerrit Hiemstra en sjonger Syb van der Ploeg. Alle trije binne se stipers om De Friese WIJlanden de titel te besoargjen.

By de ferkiezing foar it moaiste natuergebiet fan Nederlân liket it Waadgebiet lykwols fierwei de favoryt yn Fryslân. De marketingmasine fan it Waad draait op folle toeren. Benammen kabaretier Jochem Myjer docht goede saken mei syn tweets oer 'it Ibiza fan it noarden'.

Trettjin natuergebieten

Oant 31 oktober kin der stimd wurde op de trettjin nominearre natuergebieten. Steatssekretaris Martijn van Dam sil dêrnei de winner bekend meitsje. It winnende gebiet krijt in bydrage fan maksimaal 300.000 euro fan it ministearje fan ekonomyske saken om de kwaliteit en tagonklikheid te ferbetterjen en it gebiet yn binnen- en bûtenlân op de kaart te setten.

Wijlanden bestean út trije gebieten

De Friese WIJlanden is in gearwurking tusken park De Alde Feanen en de nasjonale lânskippen Noardlike Fryske Wâlden en Mar en Klif.

(advertinsje)
(advertinsje)