Wetterliny yn suden weromhelje

11 maaie 2012 - 15:59

De âlde wetterliny yn it suden fan Fryslân moat toeristen lûke. Fan de liny sels is net folle mear te sjen. Mar yn it gebiet soene fyts- en kuierpaden komme moatte mei ynformaasje oer de histoarje. Dit en noch folle mear ideeën steane yn 'e plannen dy't freed by De Blesse oanbean waarden oan de deputearren Poepjes en De Vries.

In kamping meitsje yn in âlde skâns dy't yn it ferline as skûlplak brûkt waard troch soldaten is in oar foarstel. Troch de jierren hinne binne tal fan ideeën ynsammele fan minsken dy't by de wetterliny wenje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)