FNV wol sosjaal plan Steinfort

Der moat in sosjaal plan komme foar de wurknimmers fan glêsfabryk Steinfort yn Frjentsjer, dy't har baan kwytreitsje. Dat wolle de fakbûnen. Steinfort waard koartlyn fallyt ferklearre en is yntusken oernaam. Sa'n 60 minsken ferlieze har baan.
De fakbûnen wiene net belutsen by fallissemint en oername. Dat fine se spitich, want dan hiene se wurk meitsje kinnen fan in sosjaal plan. Mar neffens fakbûnsbestjoerder Jan Willem Compaijen fan 'e FNV is it noch net te let. De bûnen belizze tiisdei in byienkomst mei de meiwurkers fan Steinfort.