Stipe foar duorsum frachtskip

11 maaie 2012 - 12:26

It plan om duorsume frachtskippen te ûntwikkeljen krijt in Europeeske subsydzje fan hast twa miljoen euro. Yn it projekt Sail wurkje ferskate partijen gear, lykas Rederij Fairtransport BV, de gemeente Harns en de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert.

De rederij wurket al tsien jier oan de ûntwikkeling fan in hybride skip. Dat is in skip dat in dynamysk syltúch hat. Dêrtroch wurdt minder brânstof brûkt. Foar it folsleine projekt is mear as 3,5 miljoen euro nedich. De EU betellet dêr de helte fan, de provinsje draacht twa ton by.

(advertinsje)
(advertinsje)