Lichte stiging Fryske restaurants op Lekker 100-list

Restaurant De Heeren van Harinxma
Restaurant Elevé yn Ljouwert is fan de Fryske restaurants it meast omheech gien yn de Lekker top 100, de jierlikse rangskikking fan restaurants yn Nederlân. It restaurant stie ferline kear op plak 64, dat is diskear plak 59. Ek 't Havenmantsje yn Harns krige in bettere beoardieling, dat gie fan plak 71 nei plak 70. It bêste restaurant fan Fryslân bliuwt neffens de sjuery De Heeren van Harinxma yn Beetstersweach. Dat hâldt syn 41e plak.
Marc van Gulick fan restaurant De Heeren van Harinxma is hartstikke bliid mei syn plak op de list. Ek is er optein dat de oare Fryske restaurants har plak op de list ferbettere hawwe.
It bêste restaurant fan Nederlân stiet yn it Siuwske Kruiningen, folge troch de nûmer ien fan ferline jier: De Librije yn Zwolle.