Groei Steve Jobsskoallen bliuwt út

24 okt 2016 - 12:59

De grutte groei fan de Steve Jobsskoallen yn Nederlân bliuwt út. Sterker noch: der heakje sels skoallen ôf. "Het initiatief van Maurice de Hond is veranderd van een idealitisch streven in een commercieel bedrijf", sa konkludearret 'Het Onderwijsblad' nei ûndersyk. It ûnderwiiskonsept mei in sintraal plak foar de I-pad, soe te djoer en te twingend wêze.

Ek Fryslân hat Steve Jobsskoallen. De iepenbiere Master Steve Jobsschool yn Snits wie sels ien fan de earsten.

"Te twingend en te djoer"

Oare skoallen mei belangstelling doarre de oerstap lykwols net te meitsjen of sizze de gearwurking sels op. Dit jildt ûnder oare ek foar de Prins Constantijnskoalle yn Ljouwert. Neffens direkteur Rita de Groot fan de skoalle sitte der hiel brûkbere eleminten yn it konsept, mar is it as gehiel te twingend en te djoer.

(advertinsje)
(advertinsje)