Feanster bedriuw leit wynmûne- en sinneparken oan yn Iran

It bedriuw Global-Renewables op It Hearrenfean sil yn Iran twa sinneparken en in wynmûnepark oanlizze. It giet al mei al om in ynvestearring fan 90 miljoen euro. It kontrakt is yn de Iraanske haadstêd Teheran tekene yn oanwêzigens fan minister Schultz-Van Haegen en de Iraanske minister foar Enerzjy.
Iran set neffens it Feanster bedriuw fol yn op duorsume enerzjy, nettsjinsteande dat it lân grutte oalje- en gasreserves hat.
Sanksjes
Begjin dit jier binne de sanksjes foar Iran fersoepele, wêrtroch't westerske lannen ienfâldiger saken yn it lân dwaan kinne.