Ynbraak yn coffeeshop Ljouwert
Yn in coffeeshop oan de Tuinen yn Ljouwert is sneintenacht ynbrutsen. Op kamerabylden is te sjen hoe't fjouwer manlju ynbrekke en ûnder oaren jild stelle. De plysje siket tsjûgen fan de ynbraak, dy't krekt nei fjouwer oere sneintenacht plakfûn.