Syktocht Kobayashi nei jonge fan

23 okt 2016 - 21:39

SC Hearrenfean middenfjilder Yuki Kobayashi is op syk nei in jonge Fean-fan dy't sneintejûn mei in Japanske flagge oan de kant fan it fjild stie. Op in foto op Instagram is te sjen dat it jonkje achter ien fan de doelen mei in Japanske flagge swaait. Kobayashi freget op de social media wa't it jonkje is, om't er him graach bedanke wol foar de stipe. "Wie is die kleintje?" skriuwt de Japanner "Als ik hem mag ontmoeten wil ik mijn schoenen als cadeau geven. Kom eens een keertje langs met je Japanse flag naar clubhuis."

Troch de fans wurdt der positiyf reagearre op de oprop fan Kobayashi: "New fan favourite" wurdt der al skreaun. Kobayashi kaam dizze simmer oer fan it Japanske Júbilo Iwata.

(Advertinsje)
(Advertinsje)