Fryske tsjerkeferhalen moatte teäter wurde

Yn alle tsjerken fan Fryslân lizze moaie ferhalen. Dat is de oertsjûging fan it projekt Under de toer fan de Kulturele Haadstêd. Under de toer wol yn 2018 de 31 moaiste ferhalen útgroeie litte ta in foarstelling, dy't dan yn of by de tsjerke opfierd wurdt. De oprop waard snein dien yn de folle doarpstsjerke fan Huzum yn Ljouwert. De frijwilligers fan dizze tsjerke binne dwaande mei it ûntwikkeljen fan in foarstelling oer ien fan de langste gedichten fan Jan Jacob Slauerhoff.
Dat fers giet oer de begraffenis fan syn heit by de tsjerke fan Huzum. Der wiene mear tsjerken en doarpen nei Huzum reizgje om de presintaasje by te wenjen; guon mei in hiel konkreet idee, oaren om earst mar ris te hearren.
Betingsten
De projektlieders fan Under de toer, Jos Thie en Tamara Schoppert, hawwe der alle betrouwen yn dat al dy ferhalen oer tsjerken útgroeie kinne oant 31 foarstellingen yn it jier 2018. It is dêrby it doel om de foarstellingen goed te sprieden oer Fryslân en ek oer it jier. De foarstellingen moatte wol oan in fiiftal betingsten foldwaan; de foarstelling moat opfierd wurde yn of by in tsjerke, der moat in profesjonele keunstner by belutsen wurde, der moat in feriening of tsjerklike gemeente by belutsen wêze en it inisjatyf moat, as it heal kin, ek in Europeeske diminsje hawwe. 16 jannewaris is de deadline foar it ynleverjen fan foarstellen. Op syn lêst heal april moat dúdlik wêze hokker foarstellingen ek trochgean kinne.
Under de toer is mooglik tanksij in subsydzje fan 5 ton fan it Prins Bernhard Cultuurfonds.