Man út Appelskea omkaam by ûngelok

23 okt 2016 - 19:22
Slim ûngelok by Vriezenveen - Foto: Van Oost Media

By in ûngelok yn Vriezenveen yn Oerisel is in man fan 58 út Appelskea om it libben kaam. In 56-jierrige frou út it doarp rekke swierferwûne. By it ûngelok kamen ek in man en in frou út Schuinesloot by Hardenberg om it libben.

De twa auto's dêr't de minsken yn sieten kamen om healwei fiven middeis yn Vriezenveen mei-inoar yn botsing op de N36. Ien fan de auto's wie op de ferkearde helte fan de dyk bedarre. De plysje docht ûndersyk nei hoe't dit barre koe.

Trefwurden: 
ûngelok plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)