Fytser ferwûne nei oanriding yn Drachten

In fytser rekke ferwûne op de Nijtap yn Drachten © Srfotografie
In fytser is snein oan it begjin fan 'e middei ferwûne rekke by in oanriding yn Drachten. In autobestjoerder ried fan it Duizendblad de Nijtap op en seach de fytser mooglik oer de holle. In botsing wie it gefolch.
De fytser is mei noch ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.