It Houtwiel: favoryt plak foar protters

© Omrop Fryslân - Remco de Vries
Protters dy't yn ús provinsje briede, krije dizze moannen in soad famylje oer de flier út it noarden. As it winter wurdt yn Skandinavië komme sy hjir hinne en net in lyts bytsje ek.
In favoryt plak om by har trek nei it suden efkes by te tanken is It Houtwiel, it natuergebiet tusken Feanwâlden en Broeksterwâld. Dat hat alles te krijen mei de ûntwikkeling fan sompen yn it Bûtenfjild. Dy binne tige geskikt as sliepplakken foar de protters.
Want protters hâlde fan reid. Dêr binne sy feilich foar rôfbisten fan ûnderen. En as der protters binne, komme der ek oare soarten op, bygelyks soarten dy't protters frette sa as de hauk en de noardske falk.
In moai ferskynsel binne de grutte wolken protters dy’t tsjin de jûntiid har sliepplak opsykje. Yn in groep binne se feiliger, want dan wurdt it foar rôffûgels in drege put om der ientsje tusken út te pikken.
Harkje nei de reportaazje yn Buro de Vries