Diederik Samsom wol premier wurde

23 okt 2016 - 11:33
Diederik Samsom - Foto: ANP

Ald-Ljouwerter Diederik Samsom wol premier wurde as syn partij, de PvdA, de grutste wurdt by de Twadde Keamerferkiezings fan maart takom jier. "Als we de grootste worden, wil ik wel premier worden. Je wilt als politicus meesturen aan de toekomst van het land en dan wil je op de plek zitten waar dat het beste kan. Er zijn plekken waar je heel veel kunt bereiken en het Torentje is er daar een van", sei Samsom (45) snein yn it telefyzjeprogramma WNL Op Zondag.

Kandidaat-listlûkers

Samsom wie de ôfrûne fjouwer jier partijlieder fan de PvdA. Wa't by de kommende ferkiezingen yn maart de list mei PvdA-kandidaten oanfiert, wurdt 9 desimber bekend. Samsom, Jacques Monasch fan Snits en fise-premier Lodewijk Asscher binne kandidaat. Ek Gerard Bosman fan Ridderkerk en Pelle Oosting út Deventer minge harren yn de striid.

Debatten

De kommende tiid sille de kandidaten mei-inoar yn debat. Dat bart by byienkomsten yn Den Haag, Tilburg, Grins en Amsterdam. PvdA-leden kinne tusken 24 novimber en 8 desimber har stim útbringe op in kandidaat.

Trefwurden: 
Diederik Samsom PvdA
(advertinsje)
(advertinsje)