Auto sleept Ljouwerter frou meters mei

Plysje-auto yn de Weerd in Ljouwert © Anton Kappers
In 30-jierrige ynwenster fan Ljouwert is sneontenacht ferwûne rekke, doe't se yn de Weerd in oantal meters meisleept waard troch in auto.
De frou spruts de bestjoerder fan in auto oan dy't mei hege snelheid troch de smelle strjitte ried. Dit petear einige yn in rûzje, wêrnei't de bestjoerder gas joech en de frou oanried. Se waard in oantal meters meisleept en moast nei it sikehûs brocht wurde fanwegen ferwûningen oan har earm en skonk. De autobestjoerder is útnaaid.
De plysje is no op syk nei tsjûgen of nei kunde fan de autobestjoerder, dy't yn in grize Opel Meriva ried.