Arjan Stroetinga wint earste maratonwedstriid

22 okt 2016 - 21:27

Maratonrider Arjan Stroetinga hat sneon de earste wedstriid om de KPN Maraton Cup wûn. Op de Jaap Edenbaan yn Amsterdam wie de rider út Waskemar yn in spannende einsprint Fabio Francolini krekt te rap ôf. Niels Mesu einige as tredde.

By de froulju gong de winst nei de Italiaanse Francesca Lollobrigida. Yn de einsprint wist se Irene Schouten en Janneke Ensing achter har te hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)