Frachtwein bedrukt mei oprop fan ALS Stichting

22 okt 2016 - 18:20

Sneon wie in bysûndere dei foar ALS-pasjint Frank van der Wielen. De ôfrûne jieren hat hy der alles oan dien om omtinken te freegjen foar de spiersykte ALS. "Toen ik de ziekte ALS kreeg, heb ik vanaf het begin gezegd, ik krijg het doodvonnis en hoop dat niemand na mij dat meer krijgt."

In healjier lyn kaam Frank tafallich ûndernimmer Jouke Wobma tsjin. Dy die him it foarstel ien fan syn frachtweinen te bedrukken mei in oprop fan de ALS Stichting. It resultaat is freed presentearre. De frachtwein rydt fan sneon ôf oer de diken yn Fryslân.

De help fan Jouke Wobma fielt fantastysk, fertelt Frank van der Wielen. "Het is hartverwarmend en onvoorstelbaar dat ik in een voor mij onbekende man een medestrijder heb gevonden."

Trefwurden: 
ALS frachtwein
(Advertinsje)
(Advertinsje)