'Lost in the small Greenhouse' moat megaproduksje wurde

22 okt 2016 - 17:13

De foarstelling 'Lost yn de small greenhouse' moat ien fan de megaproduksjes wurde by Kulturele Haadstêd. En ek al is de foarstelling noch lang net klear, freed wie der in foarpriuwke te sjen yn teäter De Lawei yn Drachten. Dêr wie de fantasije fan de makkers de baas en probearren se sjen te litten hoe't it stik der yn 2018 út sjen moat. Dan moat it spile wurde yn de kassen by Seisbierrum.

De foarstelling fertelt it ferhaal oer it libben en de mienskip fan Fryske en Poalske plukkers yn de kas.

Hoe't de foarstelling Lost in the small Greenhouse der úteinlik krekt út komt te sjen, is noch net wis. De makkers, muzykteäterselskip Orkater, is flink koarte yn har subsydzje.

(advertinsje)