Feestlik omtinken foar oerdracht Jachtwerf Piersma

22 okt 2016 - 16:35
Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Yn Heech wurdt sneontemiddei stil stien by de offisjele oerdracht fan Jachtwerf Piersma oan de nije eigener Martijn Perdijk, earder dizze moanne. Op de werf wurdt in feestlike borrel hâlden foar klanten en freonen.

Eigener Pier Piersma fierde dit jier syn 50-jierrich wurkjubileum as werf foar tradisjonele houten skippen. Hy die in soad ûnderhâldswurk, mar boude acht jier lyn mei in groep frijwilligers ek in replika fan in histoaryske ielaak. Piersma wol it no rêstiger oan dwaan.

De nije eigener - Martijn Perdijk - hat earder in protte wurk dien by Piersma op de werf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)