Boukeet yn Hilaard giet yn flammen op

© Anton Kappers
In boukeet op in bouplak lâns de N359 by Hilaard is sneontemiddei hielendal útbaarnd. Om op it bouplak te kommen moast de plysje in stek iepenbrekke. De brânwacht hie de brân rap ûnder kontrôle, mar koe net foarkomme dat der fan de keet neat mear oerbleau.
Op it bouplak dêr't de keet stiet, wurdt wurke oan in tunnel ûnder de provinsjale dyk.