Twa restaurearre oargels wer yn gebrûk naam

22 okt 2016 - 15:15

Yn Fryslân kin fan dit wykein ôf wer lústere wurde nei twa restaurearre oargels. It giet om it Albertus Antoni Hinsz oargel út 1781 yn de Boalserter Martinitsjerke en it Van Dam oargel út Idaerd.

De hiele wike wurdt der mei allerhande optredens stil stien by it yn gebrûk nimmen fan it Hinsz-oargel. Under oare de balgekeamer mei mear as 3000 pipen is opknapt. Ek it Van Dam oargel út 1806 krige in grutte opknapbeurt. De lêste restauraasje wie yn 1982. Snein is der earst in lêzing oer de restauraasje, wêrnei't it oargel wer brûkt wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)