"Pasjintestop is in heftige maatregel"

In pasjintestop fan 2,5 moanne is in 'heftige maatregel' en soe eins net foarkomme moatte. Dat seit SP-Twadde Keamerlid Renske Leijten oer it beslút fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten om pas wer yn 2017 nije pasjinten oan te nimmen. Neffens Leijten wurde benammen pasjinten de dupe fan de ''vechtmarkt tussen ziekenhuizen en zorgverzekeraars.'' Troch opnamen te ferskowen nei kommend jier, betsjut dat foar guon minsken dat se op 'e nij in eigen risiko betelje moatte. Se sil keamerfragen stelle oer de kwestje.
Tagelyk komt se mei it foarstel foar in nasjonaal soarchfûns dat de soarchfersekerders bûtenspul set. Neffens har hat nei tsien jier bliken dien dat merkwurking yn de soarch net wurket.