EK kuorbal yn Dordrecht mei 3 LDODK'ers yn Oranje-seleksje

22 okt 2016 - 12:31

Yn Dordrecht set sneon it Europeesk kampioenskip kuorbal útein. Yn totaal 10 lannen sille stride om de prizen, mar fansels is Nederlân de grutte favoriet. Foar it earst sitte der trije spilers fan ien Fryske ploech by de seleksje fan Oranje: de LDODK'ers Erwin Zwart, Marjolijn Kroon en Friso Boode.

Nederlân sit yn in pûl mei Katalonië, Dútslân, Turkije en Ruslân. Yn de oare pûl spylje België, Ingelân, Portugal, Tsjechië en Poalen. Freed 28 oktober binne de heale finale's, de finale is snein 30 oktober (om 13.30 oere live by de NOS).

Oersjoch wedstriiden 

Sneon 22 oktober 18:30 oere Nederlân - Katalonië
Snein 23 oktober 16:00 oere Nederlân - Dútslân
Tiisdei 25 oktober 20:00 oere Nederlân - Turkije
Woansdei 26 oktober 20:00 oere Nederlân - Ruslân
Freed 28 oktober heale finales 18:00 oere en 20:00 oere
Snein 30 oktober finale 13:30 oere Te sjen by de NOS
(Advertinsje)
(Advertinsje)