Hystearysk laitsje oer sekstips fan in homo

22 okt 2016 - 10:48

De teaterfoarstelling 'Sekstips. Wat je van nichten leren kan' fan Theun Plantinga is freedtejûn yn premjêre gien yn Feanwâlden. Yn it útferkochte Dûke Lûk seagen 120 minsken de muzikale komeedzje wêryn't in homoseksuele man (Theun Plantinga) en in heteroseksuele frou (Julia Berendse) inoar moetsje. Sy hat bern en har relaasje sit net hielendal lekker mear. Hy hat in soad wikseljende kontakten en jout har tips. Hoe kinne je in relaasje spannend meitsje?

Foar Plantinga, dy't sels yn Feanwâlden grutbrocht is en al jierrenlang aktyf is yn de teäterwrâld, wie it freed benammen in spannende jûn. "It wie wol eefkes slokken, doe't ik it teater binnenkaam dat ik tocht: wat doch ik mysels oan? Dat hawwe je gewoanwei as teatermakker ek wol, mar dit is foar eigen publyk. Je komme binnen en je tinke 'ik kin alle koppen'."

It is in ynteraktive foarstelling. Minsken sitte net op rychjes op in tribune, mar oan tafeltsjes yn de romte en krije hapkes en drankjes, en moatte foaral net skruten wêze. Plantinga is dúdlik oer de ynhâld fan it stik: "It is in foarstelling oer seks. Wy nimme gjin blêd foar de mûle, alles wurdt bepraat: dirty talk, alle handenarbeid, blowjobs, alles komt oan bar." Mar it is net allinnich mar foute grapkes oer sex. Neffens Plantinga wurde ek serieuze saken bepraat, lykas homoferfolging.

De foarstelling is ûnder oare noch te sjen op De Lemmer, yn Snits, Dokkum en Wommels: dêrnei wurdt it yn de rest fan Nederlân spile.

Trefwurden: 
Teater Teun Plantinga
(advertinsje)
(advertinsje)