Heerenveense School wol jild ophelje mei obligaasjes

It bestjoer fan de Heerenveense School wol obligaasjelieningen útbringe om ferskate kulturele ynstellingen op It Hearrenfean ûnder ien dak te bringen oan it Van Harenspad. It giet om in plan fan mei-inoar 4 miljoen euro. Under oare Museum Hearrenfean, Ateliers Majeur en de bibleteek wolle graach oan dit inisjatyf meidwaan. Fierder komt der romte foar hoareka en kongressen. It measte jild komt, sa is it doel, fan de bank en ynvestearders, mar ek gewoane Feansters kinne meidwaan.
Jan van Zanden, de foarsitter fan de Heerenveense School sjocht yn it plan in moaie kombinaasje fan foardielen: "Momenteel smyt de rente by de bank net al te folle op, op dit stuit 0,1 prosint. Dus wy tochten wat is dit in moaie kombinaasje om minsken yn de foarm fan in soart obligaasjeliening meidwaan te litten oan dit moaie plan."