Gewest Fryslân ferwachtet oerienstimming reedriders en KNSB

Reedriden © ANP
Reedridersbûn KNSB, de gewesten en de topreedriders sille it sneon wol iens wurde oer in goeie ferdieling fan it jild fan de KNSB. Dat is de ferwachting fan waarnimmend foarsitter Johannes de Vries fan it Gewest Fryslân. De Vries sit ek yn de lederied fan de KNSB, dy't kommende tongersdei wer byinoar komt oer it skeel tusken de partijen.
In kollektive staking, dêr't reedrider Sven Kramer it oer hat yn syn kollum fan freed yn De Telegraaf, moat beslist foarkommen wurde, seit De Vries.
Kramer makket him lulk oer de KNSB-bestjoerders, dy't de sport bestjoere fia statuten, regleminten en stimferhâldings. De bestjoerders ha te min kontakt mei de riders sels, fynt Kramer. Ek reedrydcoach Jillert Anema hat krityk op de wurkwize fan de KNSB.
De KNSB moast de ôfrûne jierren 4,5 miljoen besunigje. Dat waard dien troch in soad personiel te ûntslaan. Mar der waard ek flink snien yn de budzjetten foar de preemjes foar topreedriders, de talintûntwikkeling yn de gewesten en de tsjinstferliening oan de teams.