Fraach nei melkfee nimt ta troch útstel fosfaatrjochten

21 okt 2016 - 22:02

De fraach nei melkfee is de ôfrûne wike tanaam. Neffens Wiebren van Stralen fan de LTO is it útstellen fan de fosfaatrjochten oant 1 jannewaris 2018 hjir de oarsaak fan. Guon melkfeehâlders dy't op harren pleats plak hawwe en foldwaande jild, keapje no kij. No't de molkpriis wer omheech giet, is dit lukratyf foar de boeren.

Om't it oanbod fan melkfee yn Nederlân net heech is, helje de melkfeehâlders kij út it bûtenlân, benammen út Dútslân en Denemarken. Dêr binne mear melkfeehâlders dy't ophâlde mei harre bedriuw en fan de kij ôf moatte.

De situaasje mei it útstellen fan de fosfaatrjochten soarget foar betizing by melkfeehâlders. De LTO krijt dan ek in soad fragen oer hoe't boeren hjir it tûkste mei omgean kinne. "Undúdlikheid is troef", seit Van Stralen. "Boeren witte net wêr't se oan ta binne. Der moat sa gau as mooglik dúdlikheid jûn wurde troch steatssekretaris Van Dam."

(Advertinsje)
(Advertinsje)