Advokaat Canoy: "Geef burger geen opsporingsbevoegdheid"

It is net ferstannich om boargers yn te skeakeljen om strafbere feiten op te spoaren. Dat seit advokaat Bart Canoy as reaksje op it nijs dat 25 skoalbern fan de Havo en it VWO ynset wurde sille om fia it ynternet de plysje te helpen by ûndersyk. It foech om opspoaring te ferjochtsjen moat allinnich by de plysje lizze, fynt Canoy.
"De politie moet desgevraagd verantwoording afleggen over de wijze waarop ze gewerkt heeft. Deze controle en verantwoording ontbreekt zodra burgers zelf gaan opsporen."
It freegjen nei ynformaasje oan boargers, lykas bart by Opsporing Verzocht, is wol in goede wize fan boargerpartisipaasje om saken op te lossen, fynt de Ljouwerter advokaat.