"KH2018 makket gjin gebrûk fan it Frysk yn kommunikaasje"

De Fryske taal is net sichtber yn de tweets fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Mar 1 prosint fan de tweets fan de organisaasje is yn it Frysk. Dat docht bliken út ûndersyk fan Lysbeth Jongbloed fan de Fryske Akademy. Sy presintearre freed de resultaten fan har ûndersyk nei it twittergedrach fan Ljouwert Kulturele Haadstêd. Se is fernuvere: "Dat it sa min steld wêze soe, hie ik net ferwachte." Fierder docht út it ûndersyk bliken dat der wol oer de 'mienskip' twittere wurdt, mar dat gewoane ynwenners fan Fryslân hast gjin poadium krije.
Benammen de elite wurdt re-tweet, sa as minsken dy't by Kulturele Haadstêd wurkje en politisy. "It is wol in bytsje spitich," sa seit Jongbloed, "want der is bot ynset op it Frysk om Kulturele Haadstêd nei Ljouwert te heljen. En at je dan trije jier letter werom sjogge dan wurdt der net in soad mei it Frysk dien."