Kapkonstruksje stasjon yn minne steat, en mooglik gefaarlik

21 okt 2016 - 13:33

ProRail sil nije wike trije 19e iuwske perronkappen fan stasjon Ljouwert fuorthelje. ProRail docht dat yn de nacht, sadat it treinferkear gjin hinder fan it wurk ûnderfynt. Neffens wurdfierder Aldert Baas binne de 125 jier âlde perronkappen fan jitizer fan binnenút oantaaste en soene se by stoarmwyn sels gefaar opsmite kinne.

Allinnich de trije lytse perronkappen wurde fuorthelle. De monumintale konstruksje fan de stasjonshal kin gewoan stean bliuwe. ProRail ûndersiket oft de âlde perronkappen restaurearre wurde kinne.

Maatregels

Undersyk lit sjen dat tige hurde wyn op dit stuit in risiko wêze kin foar de kappen. Dêrom wurdt faasje makke mei it ferfangen fan de konstruksjes. Sa't it waar no fersein wurdt, is der neffens ProRail gjin probleem, al wurde de waarsfoarsizzings op de foet folge. Mocht der dochs sprake wêze fan ekstreem waar, dan wurde spesjale maatregels naam. Hjirby kin dan tocht wurde oan ôfsettingen, of yn in ekstreem gefal it ûntromjen fan de perrons.

Tydlike kappen

Om derfoar te soargjen dat de reizger net fol op de wyn en yn de rein komt te stean wurde der tydlike foarsjenningen op de perrons boud, al is it lykwols noch net dúdlik wannear't dizze tydlike kappen pleatst wurde kinne. De problemen mei de kappen kamen oan it ljocht nei regulier ûnderhâldswurk. By de tariedingen dêrfoar die bliken dat de kappen mear ûnderhâld nedich hiene. De houten fundearring slút net mear oan op de jitizeren pylders dy't derop stean. De pylders sels hawwe tsientallen jierren tsjinne as ôffoer foar reinwetter.

De kappen hawwe gjin beskerme status, mar ProRail wol dochs besjen oft der in renovaasje mooglik is. Mooglik is nijbou better as renovearjen, mar ek dan moat der in dreech proses trochrûn wurde om de útstrieling fan it stasjon te behâlden, sa seit ProRail.

Trefwurden: 
treinstasjon NS ProRail
(Advertinsje)
(Advertinsje)