Man falt fan heechwurker yn Sportstêd

21 okt 2016 - 13:05
Traumahelikopter ynset by ûngefal by Sportstêd Hearrenfean - Foto: CAMJO media

In 54-jierrige man is freedtemoarn slim ferwûne rekke by in fal yn ien fan de sportsealen fan Sportstêd op It Hearrenfean. It slachtoffer wie op in heechwurker dwaande om fleksibele wanden te herstellen, doe't de man sa'n seis meter nei ûnderen op in tribune fûl. Under oare in traumahelikopter waard oproppen om earste help te ferlienen. De man is úteinlik mei slimme ferwûnings yn in ambulânse nei it UMCG yn Grins brocht. De arbeidsynspeksje ûndersiket oft de man, fan in bedriuw út Nieuwkoop, wol fêst siet en hoe't it ûngelok krekt barre koe.

(advertinsje)
(advertinsje)